BLOCH#2 – MOAIE WAARME JÛN

Tsjongejonge … toch altyd wer in hûd fol wurk, hear, sa’n optreden. Gesleep mei apparatuer en
ynstruminten. Opbouwe. Soundtsjekke. Spylje en sjonge. Ôfbrekke. No ja, alles wat derby heart, sis
mar.

Dêr komt noch by dat wy foar ússels de latte altyd flink heech lizzen ha en dat by sa’n live útfiering de
nûmers net altyd like goed rinne as dat wy fine dat se eigentlik rinne moatte. No ja, swit op ’e bealch,
sis mar.

Mar dat mei allegear hinnebruie. Want … wat wie it wer in bjusterbaarlik moai barren! Oan ’e
reaksjes fan de besikers fan de ‘Waarme Jûn mei De Wûnderdokters’ te fernimmen, wurdt ús
formule fan werkenbere ferskes út ’e Fryske Wâlden tige wurdearre. Minsken fregen fuort wannear’t
ús folgjende optreden is (eh … dat witte we noch net) en oft we ek CD’s hawwe (eh … nee, dêr binne
we noch net echt oan ta (neist it feit dat soks in fermogen kostet 😁)).

Dêr wurde we as band fansels super bliid fan. Dat it oer komt. Dat minsken de ‘laits en de trien’ en it
gefoel fan ‘thús yn ús eigen omkriten’ bot op priis stelle.
Paviljoen MeM is in skitterjende lokaasje foar sa’n totaalbelibjen: gastfrij, smûk, kreatyf, goed fan
iten en drinken én op en top Frysk. Tige by tige foar alles, Sander, Atsje en meiwurkers. En ek tige
tank oan alle besikers. Wy ha ús alderferskuorrendst bot mei jim fermakke.


Bloch#1 – Underweis nei MeM

It docht bliken dat ús moaie nije webside ek in Blochfunksje hat.
No, dat moat der sa út en troch ek mar ris in blochje skreaun wurde, tochten wy sa.
En -TADAAAH!- hjir is er dus: it alderearste weblochskriuwsel  fan de Fryske FolkPopRockFormaasje De Wûnderdokters.

Jo binne fansels swier ûnder de yndruk.
En wysels earlik sein ek wol in bytsje.

Wêr’t we trouwens ek wol wat troch ymponearre binne, is fan it feit dat wy healweis febrewaris op ús earste echte poppoadium spylje meie. Atsje en Sander fan De Muzykpleats yn Bûtenpost jouwe ús dan nammentlik as band de gelegenheid om op in ‘Waarme Jûn’ yn Paviljoen MeM ús Wûnderdokterskeunsten te fertoanen.

Sin oan? Jawis!
Senuweftich? Jawis!

Oant no ta hienen wy ommers al wol in pear optredens hân, mar dy hienen wy sels organisearre. Om presys te wêzen gie dat om ‘De Premjêre’ en ‘De WinterWûnderJûn’. Dat lêste evenemint wie yn gearwurking mei Willem en Sita fan Skuorre Lagom yn Kollumersweach, dy’t de hearlike catering en it smûke ûnderdak fersoargen (besjoch hjir de Aftermovie).

It lûd en de technyk moasten we as band by dy gelegenheden noch sels regelje, mar no meie we gebrûk meitsje fan de oanwêzige apparatuer en de ekspertize fan de lûdsman yn Paviljoen MeM. En ja: dat fielt dochs allegear efkes wat oars. Wat offisjeler, sis mar. As oft we in échte band oan it wurden binne.

Dêr komt noch by dat it oantal te reservearjen plakken yn ‘no time’ fan 60 nei 0 gie. Hartstikke moai fansels. En ja: ek wol in bytsje spannend. Mar wy geane derfoar en binne benijd wat der de kommende tiid fierders noch op ús paad komme sil.