It docht bliken dat ús moaie nije webside ek in Blochfunksje hat.
No, dat moat der sa út en troch ek mar ris in blochje skreaun wurde, tochten wy sa.
En -TADAAAH!- hjir is er dus: it alderearste weblochskriuwsel fan de Fryske FolkPopRockFormaasje De Wûnderdokters.
Jo binne fansels swier ûnder de yndruk.
En wysels earlik sein ek wol in bytsje.
Wêr’t we trouwens ek wol wat troch ymponearre binne, is fan it feit dat wy healweis febrewaris op ús earste echte poppoadium spylje meie. Atsje en Sander fan De Muzykpleats yn Bûtenpost jouwe ús dan nammentlik as band de gelegenheid om op in ‘Waarme Jûn’ yn Paviljoen MeM ús Wûnderdokterskeunsten te fertoanen.
Sin oan? Jawis!
Senuweftich? Jawis!
Oant no ta hienen wy ommers al wol in pear optredens hân, mar dy hienen wy sels organisearre. Om presys te wêzen gie dat om ‘De Premjêre’ en ‘De WinterWûnderJûn’. Dat lêste evenemint wie yn gearwurking mei Willem en Sita fan Skuorre Lagom yn Kollumersweach, dy’t de hearlike catering en it smûke ûnderdak fersoargen (besjoch hjir de Aftermovie).
It lûd en de technyk moasten we as band by dy gelegenheden noch sels regelje, mar no meie we gebrûk meitsje fan de oanwêzige apparatuer en de ekspertize fan de lûdsman yn Paviljoen MeM. En ja: dat fielt dochs allegear efkes wat oars. Wat offisjeler, sis mar. As oft we in échte band oan it wurden binne.
Dêr komt noch by dat it oantal te reservearjen plakken yn ‘no time’ fan 60 nei 0 gie. Hartstikke moai fansels. En ja: ek wol in bytsje spannend. Mar wy geane derfoar en binne benijd wat der de kommende tiid fierders noch op ús paad komme sil.
