Wie zijn de Wûnderdokters en wat doen we?

It Begjin

De Wûnderdokters waarden oprjochte yn 2021.

De bandnamme ferwiist nei in typysk fenomeen út de Fryske Wâlden. Yn ús omkriten hawwe nammentlik troch de iuwen hinne altyd in soad wûnderdokters, oftewol kwaksalvers, tahâlden.

Us wûndermiddel? De muzyk fansels!

En doe fierder

It earste echte optreden fan De Wûnderdokters fûn plak op 24 april 2022 yn in útferkocht tsjerkje yn Augsbuert en it wie in bjusterbaarlik moai barren.

Sûnt dy tiid timmeret de band fleurich fierder oan 'e wei. Der wurdt omraak oefene, de list mei ferskes wurdt almar langer en der komme hieltyd mear optredens.


It repertwaar

It repertwaar fan De Wûnderdokters bestiet út in breed skala oan sjenres. Fan folk en country oant pop en rock. Wy spylje bekende nûmers yn in Frysk jaske en hawwe ûnderwyls ek in pear eigen nûmers foar de setlisten.

De Wûnderdokters helje de moster û.o. by: Johnny Cash, Elvis Presley, The Clash, Hank Williams, Queen, The Dubliners, ensafuorthinne!

Alles over De bandleden

Ate Grijpstra

Sinds 2021


Holledokter: Ate Grypstra. Hy bespilet hjir en dêr in snaarynstrumint en nimt by De Wûnderdokters de sjongpartijen en it oersetwurk fan de ferskes foar syn rekken. Soks kostet…

Bertina Grijpstra

Sinds 2021


In bytsje band hat hjoeddedei in eigen coach of ien of mear persoanlik assistinten yn tsjinst. It sil jo net fernuverje dat De Wûnderdokters eins mear ferlet fan…

Joas Deinum

Sinds 2021


Us hertspesjalist, hertebrekker … no ja, yn alle gefallen … Hertdokter: Joas Deinum. As betûft perkusjonist hâldt er it ritme strak en wit er de measte útspattingen fan…

Corné Regnerus

Sinds 2021


Bonkedokter: Corné Regnerus. Dizze jongbaas kin omraak mei ferskate ynstruminten oerwei en noch knap sjonge ek. Hy hat syn hert ferlern oan de akoestyske gitaar. Ek mei syn…

"Dat was genieten! Concert van De Wûnderdokters. Prachtige Friese teksten geschreven door Ate Grijpstra over (de geschiedenis van) het leven yn 'e Wâlden."
Jeanet
"Ut wie bjusterbaarlik mooi! Op nei ut volgende concert!"
Thea

Wil je ons boeken? Neem contact op! Ook voor andere vragen...

Wil je De Wûnderdokters boeken voor je feest, festival of evenement? Schroom dan niet om contact met ons op te nemen. Als richtprijs moet je denken aan €500 voor een optreden van 2 uren. Dat is dan exclusief BTW, reiskosten en eventuele bijkomende kosten voor licht en geluid.

Benieuwd naar de mogelijkheden? Vul dan onderstaand formulier in en we nemen z.s.m. contact met je op om de opties te bespreken!

Liever telefonisch contact bel dan met Ate Grijpstra: 06-10049504 of mail ons